It 'reint' earste ljipaaien yn tal Fryske gemeenten

Argyffoto © BFVW Wiebe Palstra
Nei de fynst fan it earste ljipaai troch Herman Mooi fan Wolvegea ôfrûne freed binne yn tal fan Fryske gemeenten ek al de earste ljipaaien fûn. Fan de 24 gemeenten is dat yn 15 it gefal. Sjoch op de kaart wêr't de aaien fûn binne en troch wa en wannear.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW, hie foar dit jier gjin ûntheffing oanfrege foar it aaisykjen. Aaien meie dêrom net meinommen wurde en de klam leit op neisoarch.