Alde Fryske Tsjerken nimt tsjerke Surch oer

13 mrt 2017 - 14:26
Foto: Stichting Alde Fryske Tsjerken

De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt de njoggentjinde-iuwske tsjerke fan Surch oer fan de protestantske gemeente Wytmarsum-Penjum-Surch. De stichting krijt der ek in pear bunder lân by. De opbringst dêrfan kin brûkt wurde foar de eksploitaasje fan de tsjerke. De tsjerke is frij jong (1864), mar hat in frij seldsume neorenaissance-styl. Nei de oerdracht komt er yn behear by in pleatslike kommisje. Dy ferhiert de tsjerke foar rou- en troutsjinsten en oare byienkomsten.

It is de 47ste tsjerke dy't de Stichting Alde Fryske Tsjerken oernimt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)