Plysje hâldt 10 Friezen oan foar fraude fia ynternet

13 mrt 2017 - 13:38
Marktplaats website Twizelerheide

De plysje hat de ôfrûne wike tsien Friezen oanholden foar oplichting fia ynternet. Se komme út Ljouwert, Drachten, Easterwâlde en Haulerwyk. Mei elkoar binne 28 minsken oppakt yn Noard-Nederlân. De dupearren komme út hiel Nederlân. Sy soene foar tûzenen euro's skea hawwe. Mei elkoar krige de plysje 200 oanjeftes binnen. De fertochten beaen guod oan fia ynternet, mar leveren dat net. Oare minsken dy't oppakt binne, stelden harren bankpas of bankrekken beskikber foar de oplichterij. De fertochten moatte yn septimber foar de rjochter komme.

Trefwurden: 
plysje justysje fraude
(advertinsje)
(advertinsje)