Fahri Mintes fielt him kriminalisearre

De Ljouwerter ûndernimmer fan Turkske komôf Fahri Mintes fielt him kriminalisearre troch de Nederlânske oerheid. "Het optreden van de politie in Rotterdam was zaterdag buitenproportioneel". Mintes is bedriuwsadviseur yn Ljouwert, mar eksploitearret ek in hotel yn Bodrum. Snein is hy dêr hinne reizige en waard fuortendaliks oansprutsen op de rel tusken beide lannen. "Het leeft hier enorm en de meesten Turken zijn verbaasd. Dit verwacht je toch niet van een land dat de democratische waarden zo belangrijk vindt?"
De rel kin neffens Mintes ek noch in posityf gefolch ha, nammentlik dat Wilders de ferkiezings net wint. En oer in moanne is it allegear wol wer oerwaaid, ferwachtet Mintes.