Kampanje fiere anno 2017: minder posters, mear selfies

13 mrt 2017 - 12:24

Oeral yn it lân wurdt drok kampanjefierd foar de Twadde Keamerferkiezings fan kommende woansdei. En dat gebeurt as fanâlds mei politisy dy’t de strjitte op gean, mei posters, reklamespots op telefyzje en op sosjale media. Dochs is de wize fan kampanjefieren de ôfrûne jierren wol feroare. De posters by minsken achter de ruten nimme ôf, guon ferkiezingsbuorden yn de provinsje binne hast leech, mar oan 'e oare kant stroffelest oer de kandidaten op Facebook.

Dêrom dûke we yn de wrâld fan it kampanjefieren anno 2017 mei marketing-ekspert Jack de Vries. Hy wie earder de spindoctor fan it CDA en steatssekretaris fan Definsje.

Hoe wurdt der kampanje fierd troch de politike partijen?

“As in partij flyeret, dan binne de selfies mei de listlûkers soms wichtiger as de flyers sels. Ast sizze kinst ‘Ik stean mei Pechtold op de foto’ leveret dat faak mear op. Partijen fiere hjoed-de-dei kampanje fan folle mear kanten. Net allinnich op strjitte, mar dat hawwe je wol nedich, om't sjoernalisten dan bygelyks mei kinne. Sosjale media is folle mear profesjonalisearre as foarige ferkiezingen. By myn lêste kampanje waard Hyves ynset as sosjale media.”

Dogge ynternetkampanjes it better as de ‘fysike’?

“It is noch hieltyd sa ast sjochst nei media thús, dan hawwe debatten op telefyzje noch hieltyd de grutste ympakt op de kiezer. It is net sa dat je allinnich mei sosjale media kampanje fiere kinne. Bygelyks Wilders fiert gjin kampanje, mar syn tweets soargje foaral foar oandacht. De echte ympakt en oandacht wurdt lutsen troch syn útspraken. Mar it hinget fansels ek fan de doelgroep ôf. Foar jongere minsken miskien wol. Dy sjogge gjin telefyzje mear en lêze ek gjin krante. Mar foar de measte minsken is it dochs noch wol de tradisjonele media.”

Hoe effektyf binne kampanjes tsjintwurdich ferlike mei in oantal ferkiezingen lyn?

“Ja, dat witte we tongersdei pas hoe effektyf oft alles wie. Ast nei de peilingen sjochst, dan is it frij stabyl. Dat komt ek omdat PVV en VVD ek in tiid net meidienen. We hawwe sjoen dat peilingen net alles sizze, sjoch mar nei Amearika en de Brexit. Clinton soe de ferkiezingen yn Amearika winne en Grut-Brittannië soe net út de EU gean. It is ôfwachtsjen.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)