Destiny (11) krijt Sulveren Polske foar earste ljipaai

13 mrt 2017 - 12:16

De 11-jierrige Destiny van Spanning út Boalsert hat sneon by Burchwert it earste ljipaai fan de Fryske jongerein fûn. Se kriget dêrom moandei it Sulveren Polske, as oanmoedigingspriis fan de Fryske Fûgelwacht. Deputearre Johannes Kramer komt nei de râne fan it maislân ta dêr't Destiny it ljipaai fûn. Yn 2015 fûn sy ek al it earste ljipaai fan de jongerein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)