Nachtboargemaster fan Ljouwert: Bettina, Keimpe of Nadia

Foar de titel fan Nachtburgemeester van Leeuwarden binne noch trije gadingmakkers oer. It binne Bettina Wolff, Keimpe Huging en Nadia El Bacrani. De finale is 14 maart. Op dy ferkiezingsjûn krije de kandidaten mei in koarte pitch de mooglikheid om har foar te stellen en se moatte yn debat mei de sjuery.
In nachtboargemaster moat in ferbiner wêze, in hoeder fan de nacht. Ien dy't wit wat spilet op kultureel en maatskiplik mêd en op it mêd fan feilichheid.
Stimme
Op www.nachtburgemeesterleeuwarden.nl kin it publyk stimme oant en mei 14 maart (18.00 oere). Dy stimmen wurde meinaam yn de útslach. Yn de sjuery sit ûnder oare de nachtboargemaster fan Grins, Oelinda de Vries. De hjoeddeiske nachtboargemaster Age Dijkstra makket om middernacht syn opfolger bekend. Dy mei de titel twa jier drage.