Wa wol fytsles jaan oan bern, senioaren en flechtlingen?

13 mrt 2017 - 11:18

It Fytsersbûn yn Fryslân, Grinslân en Drinte siket frijwilligers dy't fytsdosint wurde wolle. Fytsdosinten jouwe lessen oan bern op de basisskoalle, foarljochting oan senioaren en fytslessen oan minsken fan bûtenlânske komôf. Doel fan de fytslessen is om minsken sa feilich as mooglik dielnimme te litten oan it ferkear. Neffens it Fytsersbûn nimt it oantal oanfragen foar fytslessen ta en hawwe se dêrom ferlet fan nije dosinten. Dy krije earst in oplieding fan twa dagen yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)