Frijwilligers sykje keunstwurk yn eardere tsjerke Ald Beets

Yn Ald Beets wurdt dizze wike begûn mei it opgraven fan it atelier fan Jaap van der Meij. De keunstner wurke in skoft lang yn de Adelstsjerke yn de buorskip yn Opsterlân. Tsientallen frijwilligers reagearren op in oprop mei te helpen mei it útgraven fan de ôfbrutsen tsjerke. Yn de kelder soe noch in muorreskildering sitte fan Van der Meij. De opgraving is in inisjatyf fan it projekt Kunst met een opdracht.
It doel is om de keunstwurken yn de iepenbiere romte wer ûnder de oandacht te bringen en foar diskusje te soargjen oer de rol fan dy keunst.
Keunstner
Jaap van der Meij (1923-1999) is berne yn Amsterdam. Hy wurke oan de Vredeman de Vries akademy yn Ljouwert. Yn de tsjerke fan Ald Beets hie hy syn atelier. Mei-inoar steane der sa'n 60 fan syn keunstwurken yn it Noarden. Under oare it byld fan de 'Trije boargemasters' yn Dokkum is fan him. De tsjerke dêr't Van der Meij syn atelier hie, waard yn 1986 sloopt. It sloopôffal is yn de kelder fan de tsjerke stoart.