Skûtsjesilen en Hurdsyldei op ien dei: PM-kanaal ticht

13 mrt 2017 - 10:15

It SKS skûtsjesilen by Terherne en de Hurdsyldei fan de Keninklike Wettersportferiening Snits sille beide op 9 augustus hâlden wurde. Beide wedstriden drigen letterlik yn mekoars farwetter te kommen, mar de organisaasjes hawwe dêr no ôfspraken oer makke, wêrtroch't beide wedstriden op deselde dei hâlden wurde kinne.

De Hurdsyldei begjint wat earder, de SKS-wedstryd wat letter. Mei Rykswettersteat en provinsjale wettersteat binne ôfspraken makke om't it Prinses Margrietkanaal tydlik ticht moat foar oar skipfeartferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)