UPDATE: Hyskraan yn 'e brân op de lytse rotonde op 'e Jouwer

13 mrt 2017 - 07:24

Op de lytse rotonde oan de Geert Knolwei op De Jouwer stie moandeitemoarn in mobile kraan yn 'e brân. De brânwacht hie muoite om de brân út te krijen. In twadde ienheid waard oproppen foar wetterwinning. De brânwacht koe de brân mei hege druk en skûm blusse. It ferkear waard omlaat en de lytse rotonde hat in skoft ôfsletten west.

Troch de fûle brân ûntstie in soad skea oan it asfalt. Dat moat no ferfongen wurde. De rotonde bliuwt om dy reden foarearst ticht. It ferkear wurdt omlaat.

Trefwurden: 
hyskraan De Jouwer
(advertinsje)
(advertinsje)