Guon Friezen meie woansdei twa kear harren stim útbringe

Ynwenners fan Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel stimme takom woansdei twa kear. Net allinnich meie se harren stim útbringe foar de Twadde Keamer, se meie ek stimme op de nije namme fan de fúzjegemeente. Der binne aparte stimpassen en stimbiljetten makke foar dizze ferkiezing. Ek sil der neist de grize stimbus dêr't de Twadde Keamerstim yn kin, in griene stimbus oanwêzich wêze. Dêr kinne de stimmen yn foar de nije namme.
Namme fúzjegemeente
Minsken kinne kieze tusken de nammen Dokkumerlân, Ie- en Lauwerslân of Noardeast-Fryslân. Neffens Jan Hania, projektlieder fan de ferkiezing foar de fúzjenamme, binne der net mear stimmetellers of stimhokjes nedich. Op freed 17 maart wurdt de nije namme bekend makke. Hania hat al wol in foarkar. "Mar spitigernôch mei ik net stimme, want ik wenje yn de gemeente Dantumadiel.