UNIS Flyers nei finale BeNe League

12 mrt 2017 - 22:07
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe har sneintejûn pleatst foar de finale fan de BeNe League. Se wûnen de útwedstriid tsjin Luik Bulldogs mei 6-5. Yn de ferlinging wie it Marco Postma dy't de winnende goal makke foar de Flyers.

It wie de twadde kear dat UNIS Flyers yn de heale finale spile tsjin Luik. Omdat der spile wurdt neffens it 'best of three'-prinsipe binne de Feansters no wis fan in finaleplak. Dêryn wurdt de tsjinstanner Hokij Den Haach. De finale begjint takom wykein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)