Shorttrackfroulju belibje in dei mei wikseljende emoasjes

12 mrt 2017 - 20:19

De Nederlânske shorttrackfroulju belibben snein in drege middei op it wrâldkampioenskip. Se wiene de topfavoryt foar it goud op de ôflossing, mar Jorien ter Mors foel en dus waard Nederlân fjirde.

Dochs koe Rianne de Vries efkes letter wol wer bliid wêze foar de manlju dy't goud pakten: "De emoasjes wikselje sa. It wie sa bale fan ús finale, mar we binne ien team mei de manlju en ik bin ek sa bliid mei harren oerwinning!"

Dat jildt ek foar Suzanne Schulting. "Eerst ben je extreem teleurgesteld, huil je van woede en dan ben je extreem blij voor de mannen en huil je van blijdschap." Schulting pakte snein sels noch in brûnzen medalje op de 1000 meter. Dat joech har WK dochs noch wat fleur: "Ik heb op de 1000 meter revanche genomen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)