Ferlies foar VV Hearrenfean en Snits Wyt Swart

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Yn de sneinshaadklasse hawwe beide Fryske ploegen sneintemiddei ferlern.
By VV Hearrenfean-ADO '20 waard it 3-4 foar de besikers. Foar de Feansters skoarden Niels den Haan, Kevin Regts en Jasper Brouwer. ADO '20 is de koprinner.
Snits Wyt Swart/BOSO Snits krige yn it Gelderske Silvolde in draai om de earen, de thúsploech wûn mei 5-1. It iennige doelpunt foar de Snitsers waard makke troch Age Hains Boersma. Mei de oerwinning rint Silvolde, dat fjirde stiet yn de kompetysje, út op de nûmer fiif SWS.