Brûns foar Suzanne Schulting op 1000 meter

12 mrt 2017 - 16:05
Foto: www.awfoto.nl

Shorttrackster Suzanne Schulting hat in brûnzen medalje pakt op de 1000 meter by de wrâldkampioenskippen shorttrack yn Ahoy Rotterdam. Yn de finale waard se fjirde, mar troch in penalty foar de Súd-Koreaanske Choi krige se dochs in plak op it poadium.

De Fryske shorttracksters prestearje goed op de tredde en lêste dei fan it WK shorttrack. Schulting wûn har kwartfinale en yn de heale finale waard se twadde. Ek Rianne de Vries helle ferrassend de finale. Dêryn waard se fjirde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)