Politisy yn debat by Omrop Fryslân

12 mrt 2017 - 15:16

Mei noch trije dagen te gean stie it radioprogramma Buro de Vries by Omrop Fryslân snein folslein yn it ramt fan de ferkiezingen. Op woansdei 15 maart meie we stimme foar de Twadde Keamer. Yn it programma giene acht Fryske politisy mei-inoar yn debat.

Aukje de Vries (VVD), Harry van der Molen (CDA), Max Aardema (PVV), Christa Oosterbaan (PvdA), Theun Wiersma (50Plus), Isabelle Diks (GrienLinks), Jacques Monasch (Nieuwe Wegen) en Jan Dijkgraaf (Geen Peil) namen inoar yn de studio ûnder fjoer. Tema's wiene bygelyks gaswinning en ymmigraasje, mar ek in soad spesifyk provinsjale saken kamen oan de oarder.

Sjoch en harkje hjir de folsleine ôflevering fan Buro de Vries werom.

(advertinsje)
(advertinsje)