Knegt útskeakele op 1000 meter, froulju nei finale

12 mrt 2017 - 15:06
Sjinkie Knegt - Foto: ANP

De lêste dei fan de WK shorttrack yn Ahoy Rotterdam is begûn mei de kwartfinale op de 1000 meter foar de manlju en froulju. 

By de manlju waard Sjinkie Knegt ferrassend útskeakele yn de kwartfinale. Hy waard fjirde yn syn heat. Syn tiid bliek net genôch om troch te gean nei de heale finale. Daan Breeuwsma mocht wol de heale finale ride mar gie dêryn ûnderút.

De Fryske froulju dogge it goed, se meie beide nei de finale fan de 1000 meter. Suzanne Schulting waard twadde yn har heale finale. Foar Rianne de Vries wie it spannender, sy waard tredde, mar troch in diskwalifikaasje kriget se dochs in plakje yn de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)