Winst Nederlânske reedrydfroulju op teamsprint

Marrit Leenstra © ANP
De Nederlânske froulju mei Marrit Leenstra, Anice Das en Floor van den Brandt hawwe snein de teamsprint wûn by it wrâldbekerreedriden yn it Noarske Stavanger. De frouljusploech ried in tiid fan 1.27.44. Favoryt Japan einige as twadde, Noarwegen waard tredde.
De útslach betsjut dat Nederlân einiget op in twadde plak yn it wrâldbekerklassemint op dit ûnderdiel, efter Japan.