Leenstra ferspilet lieding by wrâldbeker yn Stavanger

12 mrt 2017 - 13:23
Marrit Leenstra - Foto: awfoto.nl

Marrit Leenstra hat sneintemiddei by de wrâldbekerfinale yn Stavanger de lieding yn it klassemint by de 1500 meter ferspile. De reedrydster fan Wikel kaam yn de lêste wedstriid fan it seizoen net fierder as de fjirde tiid. Dêrmei sakket se nei it twadde plak yn it wrâldbekerklassemint.

Tsjinstanner Heather Bergsma wûn de rit, en dêrmei ek de wrâldbeker. Miho Takagi ried de twadde tiid en einige sa úteinlik op plak trije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)