Ien miljoen euro foar CEW yn Ljouwert

12 mrt 2017 - 15:00
It Wetsusgebou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Centre of Expertise Watertechnology (CEW) yn Ljouwert kriget in bydrage fan ien miljoen euro fan it kabinet. It jild wie foar dit jier noch net regele, mar nei in positive evaluaasje komt it kabinet dochs oer de brêge. Direkteur Martijn Bijmans fan it CEW is bliid mei de bydrage. It jout it sintrum in enoarme ympuls om fierder te groeien. Sa wol it CEW útgroeie fan in regionaal nei in nasjonaal kennissintrum.

Bedriuwen dy't krekt begjinne, kinne no ek better stipe wurde har útfiningen yn de merk te setten. It CEW is in oantal jierren lyn opset as gearwurking tusken ûnderwiis, bedriuwslibben en oerheden om mear kennis te krijen oer wettertechnology.

(Advertinsje)
(Advertinsje)