Cambuur út op herstel tsjin FC Oss

12 mrt 2017 - 12:32

Nei it 1-0 ferlies tsjin FC Den Bosch wol Cambuur him herstelle yn de útwedstriid fan moandei tsjin FC Oss. Trainer Sipke Hulshoff hopet op in goede wedstriid tsjin in tsjinstanner dy't neat te ferliezen hat. De Cambuur trainer woe snein nei de lêste training noch gjin opstelling jaan. Hy woe de ferskate opsjes dy't der binne yn de brede seleksje noch beprate yn de technyske stêf en mei de spilers.

Jergeé Hoefdraad kin net spylje. Hy hat lêst fan in teanblessuere. Ek Raymond Gyasi (hamstring) spilet net. Jordy van Deelen is noch in fraachteken.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)