Mear as tûzen dielnimmers by survivalrun Koatstertille

12 mrt 2017 - 11:44

Koatstertille stiet snein yn it teken fan de sechstjinde Biddle Survivalrun. Sneintemoarn stienen mear as 1.500 dielnimmers oan de start fan it drege parkoers. De partisipanten moatte al hurdrinnend de hindernissen ôflizze.

De wedstriidrinners kinne meidwaan yn ferskate kategoryen en der dogge ek in soad rekreanten mei. Dy kinne kieze foar in ôfstân fan 4, 8 of 11 kilometer. De earste rinners binne yntusken oer de finish kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)