Brânwacht útriden foar garaazjebrân yn Haulerwyk

12 mrt 2017 - 09:57

De brânwacht moast sneintemoarn yn aksje komme foar in útslaande brân yn Haulerwyk. Oan de Opzienerswei yn it doarp is in garaazje yn 'e jiske lein. De brânwacht wie mei twa auto's útriden, omdat der kâns wie dat it fjoer oerslaan soe nei de njonkenlizzende wenning.

By de brân kaam in soad reek frij. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)