De stim fan Maike: ''De ferskillen lytser meitsje''

''De ferskillen lytser meitsje, sadat elk bern nei skoalle kin.'' Dat seit Maike Pietersma (34) fan Ljouwert. Maike wurket as ferpleechkundige op de spoedeaskjende help. ''Ik lis nachts wekker fan it feit dat de berne-opfang net goed regele is foar minsken dy’t ûnregelmjittich wurkje. Myn man wurket op de ambulânse en ik as ferpleechkundige. De berne-opfang wurdt hieltyd minder. Ik soe graach sjen dat der fleksibele berne-opfang komt, bûten kantoartiden om.''
Neffens Maike Pietersma moat der ek mear tiid komme foar de soarch by de minsken sels, yn stee fan de burokrasy en de registraasje op de kompjûter. Ek wol se dat der bettere foarsjennings komme foar âlderein dy't langer thús wenje bliuwe.
''Ik meitsje my ek soargen oer de wrâld'', sa fertelt se. ''De terreurdriging en it ferskil tusken ryk en earm. Ik hoopje dat der partijen binne dy’t dêrnei sjogge. De ferskillen lytser meitsje, sadat elk bern nei skoalle en nei swimles kin.'' Maike is der noch net hielendal út, mar tinkt dat se op D66 stimme sil.
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.