FIDEO: Wêrom binne der gjin stêden yn it easten fan Fryslân?
Wâldpiken fiele it soms as ûnearlik. Fryslân hat alve stêden, mar se lizze hast allegearre yn it westen fan de provinsje, op Dokkum nei. Wêrom binne der eins gjin stêden yn it easten fan Fryslân? Der binne histoaryske, mar ek geologyske ferklearringen. Dizze explanimation fideo fan Finster op Fryslân leit út hoe’t it sit.