Follybalfroulju VC Snits winne ferrassend fan Set-Up '65

11 mrt 2017 - 22:55
De Snitser froulju - Foto: AWfoto

De follybalsters fan VC Snits hawwe harren fjirde wedstriid yn de kampioenspûl wûn mei 3-1. Yn eigen hûs mochten se it opnimme tsjin Set-Up '65 út Ootmarsum.

De earste set waard wûn mei 25-16 en ek de twadde set gie ferrassend maklik mei 25-20 nei Snits. Yn de tredde set begûn Set-Up better te spyljen en pakte al gau in foarsprong. De Snitser froulju kamen noch wol werom mar de setwinst wie dochs foar Set-Up (23-25). De fjirde set wûn VC Snits mei 25-21.

Troch de winst nimt VC Snits it twadde plak op de ranglist oer fan Set-Up.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Set-Up '65
(Advertinsje)
(Advertinsje)