UNIS Flyers wint fan Luik Bulldogs: 8-3

11 mrt 2017 - 22:21
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneontejûn op It Hearrenfean mei 8-3 wûn fan Luik Bulldogs yn de heale finale fan de BeNe-league. Goals wiene der fan Yan Turcotte, Ronald Wurm, Brent Janssen, Marco Postma, Adam Bezak (2) en Valentijn Bouten (2).

It team fan coaches Mike Nason en Dennis Schreur moast it dwaan sûnder ferdigener Ernesto Klem en center Dennis Sikma. Sy wiene oproppen foar it WK ûnder 18 jier yn Servië.

De BeNe-league is de kombinaasje fan de Belgyske en Nederlânske earedifyzjes. Yn de kompetysje wurdt neist de lânskampioenskippen fan beide lannen ek striden om de kompetysjetitel. Neist de Flyers, dy't dit seizoen al lânskampioen fan Nederlân wurden binne, meitsje noch trije teams kâns op de titel. De twa heale finales wurde neffens it 'best-of-three'-prinsipe spile. Foar beide ploegen binne der dus noch kânsen om de finale te berikken.

Snein spylje de Flyers harren twadde wedstriid tsjin Luik Bulldogs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)