Autokoereur Nyck de Vries makket oerstap nei Formule 2

11 mrt 2017 - 21:04

Autokoereur Nyck de Vries komt kommend jier út yn de Formule 2. De 22-jierrige Snitser is sneon presintearre as nije koereur fan it Italiaanske team Rapax. De Vries ried sûnt 2010 foar it talinteteam fan McLaren en kaam út yn de saneamde GP3 Series. Hy wûn dit seizoen twa races en einige as sechsde yn it kampioenskip. De Formule 2 wurdt sjoen as in opstapklasse foar jong talint op wei nei de Formule 1.

(advertinsje)
(advertinsje)