Goud foar Sjinkie Knegt op 500 meter

Sjinkie Knegt hat op de wrâldkampioenskippen shorttrack yn Ahoy Rotterdam de finale fan de 500 meter op syn namme skreaun. It is it earste Nederlânske goud ea op in yndividuele WK-ôfstân.
Nei in teloarstellend fiifde plak op de 1500 meter earder op de dei pleatste Knegt him mei gemak foar de finale fan de 500 meter. Yn in spektakulêre finale liet hy de Sinees Dajing Wu en de Súd-Koreaan Yi Ra Seo efter him. De Kanadees Samuel Girard foel troch in minne start fuort al werom.
Troch de oerwinning giet Knegt ek oan kop yn it algemien klassemint.
Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstannen:
1 Sjinkie Knegt 39
2 Woon da Sin 34
3 Samuel Girard 29
4 Yi Ra Seo 26
5 Dajing Wu 21