Harkemase Boys wint, ONS lit punten lizze

Matthijs Hardijk fiert syn twadde goal fan de middei © www.awfoto.nl
Harkemase Boys hat de útwedstriid tsjin koprinner FC Lisse mei 3-0 wûn. Al nei fjouwer minuten kamen de Boys op foarsprong troch in goal fan Mathijs Hardijk. Foar rêst krige Harkemase Boys noch in penalty dy't binnensketten waard troch Oebele Schokker en yn de slotfaze fan de wedstriid wie it opnij Hardijk dy't skoarde.
Foar ONS Boso Snits waard it in spannende middei. De Snitsers ferspilen yn de thúswedstriid tsjin Rijnsburgse Boys in 2-0 foarsprong (goals Yume Ramos en Ale de Boer) en moasten yn de slotfaze noch fjochtsje foar in punt.
De wedstriid is einige yn in 2-2 lykspul.