Jorrit Bergsma wint wrâldbeker lange ôfstannen

© awfoto.nl
Jorrit Bergsma hat de wrâldbeker op de lange ôfstannen wûn. Yn it Noarske Stavanger wie hy op de 5000 meter it rapst mei in tiid fan 6.17.74. Dêrmei waard hy de winner fan it kombinearre wrâldbekerklassemint fan de 5000 en 10000 meter.
Douwe de Vries einige op de 5000 meter op it achtste plak mei in tiid fan 6.26.17.
Sven Kramer die net mei yn Stavanger. Hy miste dit seizoen al safolle wrâldbekerwedstriden dat der foar him neat mear te winnen foel yn it klassemint.