Sjinkie Knegt fiifde op 1500 meter, froulju stelle teloar

© ANP
Shorttracker Sjinkie Knegt is op de 1500 meter op de WK shorttrack yn Ahoy Rotterdam krekt net op it poadium einige. Hy moast it dwaan mei in fiifde plak.
Earder op de middei pleatste Knegt him noch oertsjûgjend foar de finale. Hy liet him net fan slach bringe troch in fal fan Lee Jun-su en ried mei gemak de konkurrinsje foarby.
Daan Breeuwsma slagge der net yn om him te pleatsen foar de A-finale, mar einige yn de B-finale op in ferrassend twadde plak.
Foar de froulju ferrint de twadde dei fan it WK shorttrack teloarstellend. Suzanne Schulting en Rianne de Vries pleatsten har net foar de finale fan de 1500 meter. Se einigen beide net by de bêste twa yn harren heat. Schulting mocht noch wol de B-finale ride, mar waard dêryn diskwalifisearre.
Ek op de 500 meter wie der gjin sukses foar de froulju. Sawol De Vries as Schulting slaggen der net yn de heale finale te heljen. Schulting einige yn har heat as fjirde en De Vries gie ûnderút.