Fryske frijwilligers yn it spier foar NLdoet

11 mrt 2017 - 14:50

Op tal fan plakken yn de provinsje binne frijwilligers sneon yn it spier foar NLdoet. NLdoet is de jierlikse frijwilligersdei fan it Oranje fûns. Troch it hiele lân binne minsken dwaande mei bygelyks it helpen fan âlderen en it opknappen fan buerthuzen. Net alle aksjes rinne suksesfol. Yn Balk soene seis asylsikers de Luts skjinmeitsje, mar dat koe net trochgean, omdat der in ponton mei in kraan yn it wetter lei.

Op de soarchbuorkerij Boerenblij yn Haskerhoarne wie der wol aksje. Boargemaster Fred Veenstra fan gemeente de Fryske Marren wie dêr ûnder oaren by troch mei de bewenners te praten en mei harren te kuierjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)