Sulveren medalje foar Antoinette de Jong op 3000 meter

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat sneontemiddei in sulveren medalje pakt op de 3000 meter. By de wrâldbekerfinale yn Stavanger einige De Jong in dikke sekonde achter Martina Sábliková. Tredde waard Melissa Wijfje fan It Hearrenfean.
Yn it klassemint einige De Jong as tredde. Boppe har einigen de Russin Anna Joerakova en Martina Sábliková. Ireen Wüst wie ôfwêzich yn Stavanger fanwegen fysike problemen.