Earste stien lein foar útwreiding De Krûdhôf Bûtenpost

11 mrt 2017 - 13:57

Yn Bûtenpost is sneon lang om let de earste stien lein foar de útwreiding fan de botanyske tún De Krûdhôf en it iistidemuseum. De planfoarming hat wol efkes duorre, omdat alle belutsen partijen it iens mei elkoar wurde moasten. Nei de útwreiding moat it it toeristysk sintrum wurde fan de noardlike Fryske Wâlden mei as tema's ferbining en belibje.

It moat in unyk sintrum wurde dat de poarte wurdt nei de noardlike Fryske wâlden, sa lit direkteur Jan Willem Zwart fan de Krûdhôf witte.

Trefwurden: 
Bûtenpost De Krûdhôf
(Advertinsje)
(Advertinsje)