Sechde plak foar Marrit Leenstra op 1000 meter yn Stavanger

11 mrt 2017 - 13:00
Marrit Leenstra - Foto: awfoto.nl

In teloarstellende rit foar Marrit Leenstra sneontemiddei by de wrâldbekerfinale yn Stavanger. De reedrydster fan Wikel einige op de 1000 meter as sechde. Dêrmei sakket se yn de einstân fan de wrâldbeker nei it tredde plak.

De winst yn de lêste rit yn Stavanger en yn de einstân gie nei Heather Bergsma. De Japanske Miho Takagi einige op it twadde plak yn it klassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)