Trends spotte op tsiende edysje fan beurs Vrouw!

Dit wykein stiet it WTC Expo yn Ljouwert folslein yn it ramt fan beauty, moade, wenjen en sûnens. Op de tsiende edysje fan de beurs Vrouw! Kinne besikers by 230 stands delrinne, mei alles wat froulju dwaande hâldt. De organisaasje ferwachtet dit jier sa'n 24.000 besikers.
Kimberley van der Zande is ynterieurstiliste, mar hâldt har ek dwaande mei moade en lifestyle. Mei-inoar spotte wy trends op it mêd fan moade en wenjen.

Wenjen

De maitiid set útein en dêrom is it tiid om dyn wenkeamer te foarsjen fan nije blommen en planten. De trend fan dit jier is Urban Jungle, koartsein in soad en grut! Asto muoite hast mei it ûnderhâld, dan is in kaktus in prima alternatyf. Mar nim leauwer gjin nep-planten. Ek binne de yndustriële looks yn meubels noch hieltyd hot. De kleur fan dizze maitiid is okergiel. In kleur dy'tst net sa gau foar in hiele muorre kieze silst, mar it sil dy fernuverje wat in lyts bytsje okergiel mei dyn wenkeamer dwaan kin.
Tip fan Kimberley: Op Pinterest en Instagram kinsto in soad ynspiraasje opdwaan foar de ynrjochting fan dyn wen- en ytkeamer en dyn sliepkeamer. Pas by it keapjen fan dyn guod wol op datsto net tefolle losse dingen keapest. Meitsje yn it foar in moodboard om dyn styl te bepalen.

Moade

De checklist foar dizze maitiid:
- Highwaisted jeans, mar ek baggy/wiid foar de simmer.
- Roeskes yn bygelyks blouses.
- Learskes mei blokhakken.
Foar bern is swart/wyt hielendal hip. Wy seagen dit al by de folwoeksenen, mar it mei no ek by de bern. En dat is miskien efkes bekomme, omdatst wend bist om flugger foar felle kleuren te kiezen.

Sûkelade

Wat moat in frou no sûnder sûkelade? Asto der mei begjinst, dan hâldst net mear op! Tony Chocolony is op dit stuit tige populêr. Mar hâld dy yn!

Omrop Fryslân live op Beurs Vrouw!

Ek Omrop Fryslân is dit wykein oanwêzich op beurs Vrouw! Yn de stand fan de Omrop kinne besikers har yn de spotlights sette litte mei in Fryslân Hjoed Co-host experience. Do krijst dan fan Afke Boven, Andries Bakker en Roelof Lousma te hearren hoe it is om foar de kamera’s te stean. Op sneon- en sneintemiddei is der live radio mei Diana de Groot en Johan Terpstra, fan 13:00 oant 18:00 oere.