Sechde Festival Jong Talent úteinset op Skiermûntseach

11 mrt 2017 - 11:03
De jachthaven fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Skiermûntseach is fan sneon ôf seis dagen lang it briedplak foar jonge klassike topmusisy mei it sechde Festival Jong Talent. Op it eilân wurde konserten jûn fan rom sechstich toptalinten út de hiele wrâld en der binne iepenbiere masterclasses fan ûnder oaren de Frânske fioelist Philippe Graffin en sellist Jeroen Reuling.

Fierders wurde der lêzingen jûn en binne der ekskurzjes troch de prachtige natuer op it eilân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)