Kollum: ''Trendy''

11 mrt 2017 - 08:24

''Hjoed begjin ik mei in rigeltsje oan nammen. En eins bin ik wol tige benijd hoefolle fan de harkers dy’t dizze moarn de frekwinsje fan de Omropradio keazen ha, witte wêr’t dizze nammen foar steane. Hjir komme se: Spike, Viceland, XITE, Shorts, AMC, Horse and Country, Fine Living en Brava. Ha jimme in idee? Binne it miskien bedriuwen dy’t krekt útein setten binne en noch net de bekendheid fan it grutte publyk ha? Binne it online winkels? Of nijerwetske tige hippe kleanmerken?

Op ynternet gie in filmke firaal dêr’t in jongedame troch in glêzen doar komt en sa opgiet yn har wrâld op har mobile telefoan dat se net sjocht dat middenyn de hal in wetterpartij is. Se stroffelet en falt der mei mobyl en al yn. Guon fan jim sille it sjoen ha.

Wy libje yn in wrâld dêr’t alles fluch giet. Trends folgje elkoar yn in net nei te kommen tempo op. Wa hat it bygelyks noch oer Pokémon? Sjogge jim noch ferdwaasde minsken oer strjitte dwalen op syk nei sabeare popkes? Nee, dochs? Is hielendal út.

In jier as wat lyn wienen we fan de Hyves, de foarrinner fan wat no de online platfoarmen binne. Tefolle op op te neamen. By ús yn de gong stiet in stoffige oranje vuvuzela, dy’t by it wk fuotbal yn Súd Afrika net oan te slepen wie. Nimmen hat it der noch oer. En noch folle resinter: Lju dy’t harren ferklaaiden as gefaarlike clowns om minsken skrikke te litten. Is ek alwer klear.

Noch in pear? Omdat je sa lekker mei je eigen âld wurden konfrontearre wurde? Okee dan. De ice bucket challenge. In amer iiswetter oer de kop foar it goede doel. It wie in enoarme hype om de sykte ALS ûnder de oandacht te krijen. Noch nijer: Waterbottle flipping. Wie ferline jier in hit. Smyt in folle wetterflesse yn de loft en lit him wer rjochtop lâne. Prachtich dat je minsken dêr dwaande mei hâlde kinne.  

De kubus dan. Dy komt hast wer, sa lang is dat al lyn. Noch in moaie: De Gangnam Style fan Psy, dat gekke Koreaanske dûnske, it is dochs al wer hast fiif jier lyn, hear. Fiif jier!

Conchita Wurst, seit jim dat noch wat? Dy frou mei in burd dy’t it songfestival wûn? Lokkich is dat net in trend wurden, trouwens. En yn 2030, wat soenen dan de trends wêze? Miskien sjogge we dan wol werom op de perioade wêryn’t we massaal mienden dat ús wrâld him beheinde ta de mobile telefoan. Alle trends geane ek wer foarby, dus miskien is oer in pear jier it frijwat ûnnoazele mobile telefoan gedrach fan de wrâldbefolking ek wer achterhelle. Miskien sjocht sa’n famke dan de fiver yn de hal fan in gebou wer en kneppelet der net yn. Je soenen der op hoopje.

Witte jim it rigeltsje nammen noch dêr’t ik mei begûn? Spike, Viceland, XITE, Shorts, AMC, Horse and Country, Fine Living en Brava? Binne jim der al achter wêr’t se foar steane? Nee? Dat binne telefyzjestjoerders. Wat der op te sjen is? Ik soe it net witte. Immen tippe my oer ZenTV. Rêst jaande bylden mei bypassende muzyk. Nei fiif minuten wie ik der klear mei, want yn dy tiid krige ik in stik as tsien appkes en ik bin krekt sa’n slaaf fan myn Samsung as de measten fan jim oan jim telefoan, jou it mar ta. Ik kin my net yntinke dat dat daliks oars wurde sil, mar stikem hoopje ik it al. Soms.''

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)