Erik Bakker: ''Na de mooie weken is dit wel een smetje''

11 mrt 2017 - 07:32

In teloarstellende wedstriid foar SC Cambuur freedtejûn. De ploech fan trainer Sipke Hulshoff ferlear yn eigen hûs mei 1-0 fan FC Den Bosch. ''Na de mooie weken is dit eigenlijk wel een smetje'', sa sei Erik Bakker nei ôfrin fan de partij. ''De eerste helft hebben we nog genoeg kansen gehad, maar we hebben gewoon niet goed gevoetbald. Veel onnodig balverlies en twee ballen op de lat. Het was een frustrerende avond.''

''Wy meie net fan FC Den Bosch ferlieze''

Ek trainer Hulshoff baalde nei de wedstriid fan it ferlies. ''It is frustrearjend dat wy net ta in doelpunt komme. De begjinfaze wie aardich, dêrnei siet it der net mear yn. It tempo wie te leech, it wie gewoan in teloarstellende jûn. Ik fyn dat wy net fan FC Den Bosch ferlieze meie.''

Sloardich

Keeper Harm Zeinstra wie freedtejûn dúdlik: ''it wie super sloardich''. ''Foar't wy it wisten, lei de tsjingoal der yn. Der slagge net folle by ús. Yn de lêste fiif minuten hienen wy noch twa ballen op 'e latte, dan fertsjinje je it ek net. Wy hawwe it Den Bosch gewoan te maklik makke.'' 

(Advertinsje)
(Advertinsje)