SC Cambuur giet mei 1-0 ûnderút tsjin Den Bosch

10 mrt 2017 - 22:01

In ûnmachtich Cambuur hat freedtejûn de thúswedstriid tsjin Den Bosch mei 1-0 ferlern. Dy stân stie nei sân minuten al op it skoareboerd. De goal waard makke troch Niek Vossebelt dy't in ferkearde weromspylbal fan Erik Bakker adekwaat ôfstrafte. Dêrnei giene de Ljouwerters fûleindich op jacht nei de lykmakker, mar se kamen net troch de stugge ferdigening fan Den Bosch. Yn de twadde helte wie it foaral in kwestje fan 'krekt net', neat slagge en sa bleau it 0-1 en giene de trije punten mei nei Den Bosch.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)