Fryske shorttrackers súksesfol by kwalifikaasje

De kwalifikaasjewedstriden foar de 500 meter en de 1000 meter hawwe freedtejûn gjin problemen opsmiten foar de Fryske shorttrackers. Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma pleatsten harren foar de kwartfinale fan de 1000 meter. Ek Suzanne Schulting en Rianne de Vries slaggen dêryn.
Op de 500 meter hiene Schulting en De Vries gjin problemen om de kwartfinale te heljen. Beide froulju pakten fuortendaliks de kopposysje en joegen dy ek net fuort. Earder kwalifisearre Knegt him ek al foar de kwartfinales fan de 500 meter. Breeuwsma rêde dat net op.
Sneontemiddei giet it WK shorttrack yn Rotterdam fierder mei de 1500 meter. Letter komme de shorttrackers ek yn aksje op de 500 meter. By dy ôfstannen wurde de earste yndividuele medaljes útdield. De sneon einiget mei de heale finales fan de ploege-efterfolging by de manlju en de froulju.