Skiep krije de romte op De Jouwer

10 mrt 2017 - 21:07
Foto: Henk Bootsma

Op De Jouwer gean dit wykein de skiep it doarp wer yn. De gemeente De Fryske Marren set sûnt 2008 skiep yn by it grienbehear. De bisten soargje derfoar dat de ferskillende plantesoarten ferspraat wurde. It sied bliuwt yn de wol hingjen en falt der op in oar plak wer út.

It earste keppel skiep wurdt útsetten yn de wyk Oer de Feart en fan dêrút geane se it doarp fierder troch. De gemeente hat sa'n 300 skiep, ferdield oer trije of fjouwer keppels. Behalve op De Jouwer wurde de skiep ek ynsetten yn Balk en op De Lemmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)