FIDEO: "Kninen wurde folle faker achterlitten yn de natuer"

10 mrt 2017 - 20:51

It bart folle faker dat minsken samar kninen achterlitte yn de natuer. Dat seit Marijkje Taekema fan Eastermar yn reaksje op de mear as tritich wite kninen dy't dizze wike fûn binne yn it Lauwersmargebiet. Sûnt woansdei fersoarget se 26 fan dizze kninen yn har knine-opfang yn Eastermar.

Nei alle gedachten komt der ynkoarten noch in tal by, omdat der tongersdei noch tsien kninen fûn binne op it selde plak. De kninen yn de opfang meitsje it goed. It is noch net bekend wa't de kninen yn it Lauwersmargebiet achterlitten hat.

Trefwurden: 
kninen knyn Lauwersmargebiet
(Advertinsje)
(Advertinsje)