Grut stik strân fan It Amelân sakket fuort yn see

10 mrt 2017 - 19:38
Strânfal op It Amelân - Foto: Staatsbosbeheer

It Amelân is oan de westkant de lêste dagen 40 meter strân kwyt rekke, it is fuortsakke yn de see. Dat wurdt in strânfal neamd. Dy komme op dit stik fan it eilân geregeld foar. Dat komt omdat ûnder de seespegel de kust steil ôfrint en de streaming heech is. It reinwetter fan de lêste tiid en de relatyf lege wetterstân hawwe ek ynfloed hân op it fuortsakjen fan it strân.

Kustbehear en kustûnderhâld

Rykswettersteat is behearder fan de Noardseekust fan It Amelân. Stiennen ûnder wetter en strekdamen beskermje de kust en dy wurde ek geregeld ynspektearre. Meikoarten wurdt wer in mjitting dien, dêr't de steat fan ûnderhâld mei besjoen wurde kin. As it moat dan wurdt der ekstra ûnderhâld dien. Dizze maitiid wurdt mei 2,5 miljoen kúb sân de Borndjipgeul ferlein rjochting de see.

Trefwurden: 
strân strânfal It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)