AquaZoo fiert berte fan ringsturtmaky

10 mrt 2017 - 17:28
Foto: Aqua Zoo

Yn AquaZoo is freed in lytse ringsturtmaky berne. It bistje makket it goed, mar is yn de earste wiken noch behoarlik ôfhinklik fan de mem. De ringsturtmaky sit fêst oan de bûk fan syn mem. Nei alle gedachten folget der meikoarten noch in flinke berteweach, want der binne noch mear makys dy't yn ferwachting binne.

Yn it wyld wurde de ringsturtmakys bedrige, om't har libbensgebiet hieltyd lytser wurdt.

Trefwurden: 
berne Aquazoo ringsturtmaky
(Advertinsje)
(Advertinsje)