Man út Broeksterwâld krijt wurkstraf foar mishanneling famke

Rjochter © Omrop Fryslân
In 60-jierrige man út Broeksterwâld is foar de mishanneling fan in famke fan 15 troch de rjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren. De man hie it famke ûnder oare mei in stik golfplaat op de rêch slein. De man sei dat hy al in skoft lêst hie fan hingjeugd dy't op it golfplaten dak fan syn hok sitten giene. Hy hie se al withoefaak fuortstjoerd.
Yn maaie ferline jier seach hy wer twa famkes op it hok sitten. Hy luts it slachtoffer oan de ankels fan it dak, skuorde har oan it hier, skopte har tsjin de heupe en sloech har mei in stik golfplaat op de rêch. De offisier fan justysje fûn dat dat slaan net bewiisd wurde koe, mar de rjochter fûn fan wol.