FIDEO: Skoalbern kontrolearje ferkear mei lasergun

Op de Hantumerwei yn Dokkum wurdt faak te hurd riden. Op de dyk is 30 kilometer yn 'e oere tastien, mar 130 komt der ek foar. En dat wylst der neist dy dyk twa basisskoallen stean. De learlingen fan dizze skoallen fiele har net altiten feilich as se nei skoalle gean. Dêrom hat Veilig Verkeer Nederland oan de bel lutsen. Bern út groep 8 mochten freed sels mei in lasergun it ferkear kontrolearje.