Van der Wart: "Sjinkie rijdt iedereen het snot voor de ogen"

10 mrt 2017 - 16:13

Se binne eins allegear wol posityf oer de foarm fan Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting. Harren kollega shorttrackers skatte de kansen fan Knegt en Schulting op it wrâldkampioenskip shorttrack heech yn. "Ik denk dat hij wereldkampioen wordt," seit Itzhak de Laat. De Ljouwerter komt sels sneon en snein pas yn aksje mei de efterfolgingsploech. "Maar er zijn veel die kunnen winnen. Er zijn wel acht tot tien kandidaten. Sjinkie zit eerder bij de eerste vier, maar de top is breed."

Dennis Visser fan De Lemmer, dy't sels ek by de efterfolgingsploech sit, befêstiget dat: "Sjinkie is goed, maar hij weet ook dat alles goed moet gaan en hij geen enkele fout mag maken." Freek van der Wart stiet dit wykein njonken it iis. Hy is operearre oan syn ankel en krekt net op tiid hersteld om yn Rotterdam op dit WK mei te dwaan: "Sjinkie rijdt tijdens de trainingen iedereen het snot voor de ogen. Hij is denk ik nog nooit zo goed geweest."

Ek Suzanne Schulting kin foar in medalje gean, tinke har kollega's. "Een podiumplek is heel reëel, welke kleur het wordt is alleen lastig te zeggen", tinkt De Laat. Datselde tinkt Van der Wart: "Suzanne heeft serieus goede kansen op een podiumplek. Ze kan goed meekomen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)